Twadde priis nijskwis nei Snits

23 apr 2006 - 15:53
Foto: Omrop Fryslân

Coen van Leeuwen fan Snits hat dit wykein de twadde priis wûn yn de lanlike finale fan in nijskwis foar learlingen fan groep 8. De kwis waard organisearre troch de Telegraaf.

Elke provinsje mocht fiif dielnimmers leverje foar de finale. Fan de fyftich fragen hie Coen trettjin fout. Coen fan Leeuwen sit yn groep 8 fan de Bonifatiusskoalle yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)