Justysje pakt imagoprobleem oan

23 apr 2006 - 13:42

Justysje yn Ljouwert hat sneon in iepen dei. Dêrmei moat it imago fan de rjochtspraak ferbettere wurde. In soad minsken hawwe dêr gjin betrouwen mear yn fanwege juridyske missers en lege straffen en dat moat oars.

Alle 22 gerjochtsgebouwen yn Nederlân hawwe sneon de doarren iepen foar it publyk. Mei ferskate stands, sabeare prosessen en in foto-útstalling wurdt besocht de minsken in blik achter de skermen te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)