ONS kampioen yn sneonshaadklasse

© Omrop Fryslân
ONS Snits is kampioen wurden fan de sneonshaadklasse. Sels wûnen de Snitsers mei 2-1 fan de nûmer lêst fan de ranglist, Drachtster Boys. Konkurrint Genemuiden ferlear op it eigen fjild mei 2-3 fan WHC. Troch dit resultaat kin de flagge út yn Snits.
Sandor van der Heide makke yn de earste helte de 1-0. Ynfaller Wout Westerhof sette foar de Snitsers de 2-1 op it skoareboerd.