Drankkontrôle by Piratefestival

23 apr 2006 - 12:27

De plysje hat freedtejûn yn de omkriten fan it grutte Piratefestival by Mearum in grutte drankkontrôle hâlden. 860 Automobilisten waarden oanhâlden, om te sjen of sy drank op hiene.

Trettjin bestjoerders hiene tefolle dronken, sa die bliken. Ien fan harren hie safolle dronken dat er it rydbewiis ynleverje moast. De plysje wurke mei 22 minsken oan de alkoholkontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)