Marco Bos wint Súd Fryslân

© Omrop Fryslân
Marco Bos hat sneontemiddei de Ronde fan Súd Fryslân wûn. De hurdfytser út Roden wie nei 178 kilometer de rapste yn de einsprint fan in tolve man sterke kopgroep. Sipke Zijlstra fan Burgum waard twadde, Germ van der Burg fan Folsgeare tredde.
De 32ste edysje fan dizze klassiker kaam troch it 'einepikewaar' nei goed 100 kilometer op gong. Doe ûntsie der foar de earste kear in sterke kopgroep en waard it peloton útinoar riden.