Winst foar Harkemase Boys
Harkemase Boys hat sneontemiddei op sportpark De Bosk mei 3-1 wûn fan ACV út Assen. De Harekiten kamen yn de earste helte mei 0-1 efter. Nei it skoft makke Patrick Goedhart de lykmakker foar de Boys.
'Goudhaantje' Tony Albeda soarge yn de 87e minút en de 90e minút foar de 3-1 einstân. Harkemase Boys stiet no fjirde yn de kompetysje.