Priis foar Museum Belvédère

23 apr 2006 - 11:22

It Museum Belvédère yn Oranjewâld fan arsjitekt Eerde Schippers is sneon útroppen ta BNA-gebou fan it gier. BNA stiet foar 'Bond van Nederlandse Architecten'. De BNA fynt dat it museum in prachtich foarbyld is fan yntegraasje fan in gebou yn it lânskip.

It gebou is oer it wetter boud en lit sjen dat bouwe yn it lânskip net hoecht te betsjutten dat it lânskip oantaast wurdt. De priis is in plakette dy't yn it gebou hingje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)