Scooterpassazjier slacht famke

22 apr 2006 - 16:54
Foto: Omrop Fryslân

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling fan in famke (15) út Drylts. Sy waard tongersdeitejûn op de fyts tusken Drylts en Snits troch de achteropsitter fan in foarbyridende scooter yn it gesicht slein. It famke foel, mar rekke net ferwûne.

De scooter wie donkerblau en der sieten twa manlju mei in donkere helm op. De byrider hie in blauwe spikerbroek en in swarte jas oan, mooglik in bomberjack.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)