Net alle bedriuwen 'solidêr'
Undernimmers fan it Bedriuweterrein West yn Ljouwert wolle net genôch meibetelje oan de opknapbeurt fan it terrein. Dochs giet de renovaasje wol troch. De gemeente hat de ûndernimmers frege mei te beteljen oan de opknapbeurt dy't 16 miljoen euro kostet. De bedriuwen sels soene dêrfan 900.000 euro betelje moatte. Nei seis wike kampanje fieren wol mar 60 persint fan 'e bedriuwen meidwaan.