Dronken brommerrider ferwûne

22 apr 2006 - 15:06

De plysje hat freedtenacht yn Drachten in dronken brommerrider (24) fan de dyk helle, mar koe net foarkomme dat er ferwûne rekke.

De Drachtster waard kontrolearre op de Noordkade. Hy hie fjouwer kear safolle dronken as tastien, krige in rydferbod, mar stapte letter dochs wer op de brommer. Op de Hunze rekke er ferwûne oan de holle. De man is nei it sikehûs oerbrocht. Syn brommer is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)