Bern adoptearje fredesmonumint

22 apr 2006 - 12:28

It Fredesmonumint yn Ealahuzen wurdt adoptearre troch de basisskoalle yn it doarp. It is it hûndertste monumint yn de provinsje dat troch in skoalle adoptearre wurdt. Erica Terpstra fan it Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie oerlanget moandei it sertifikaat.

Yn hiel Nederlân binne trijetûzen oarlochsmonuminten. Sânhûndert dêrfan binne adoptearre troch skoallen. De bern leare sa oer de lokale skiednis fan de Twadde Wrâldoarloch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)