Jongeren komme mei wenideeën
Jongeren tinke ûngelyk oer hoe't wenten foar harren derút sjen moatte. Dat die freed bliken by de presintaasje fan wurkstikken makke yn opdracht fan 'e Snitser Wenningboukorporaasje De Wieren. Der kamen tolve totaal ferskillende ideeën yn. No moat der noch wat mei dy plannen dien wurde. De korporaasje sil alles besjen en mooglik wurde guon ideeën yn praktyk brocht.