Nije single fan Mariusz de Boer

© Omrop Fryslân
Sjonger Mariusz de Boer komt mei in nije cd-single; 'Sulveren wein'. It nûmer is in bewurking fan it nûmer Silvermachine fan de popgroep Hawkwind út de jierren 70.
Mariusz de Boer wie de sjonger en tekstskriuwer fan de Fryske groep Reboelje. Op de single stiet ek it nûmer Yn Frijheid, dêr't Mariusz in optreden mei wûn hat op it befrijdingsfestival yn Ljouwert.