Tafersjoch op 'rêddraaiers'

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert sil net allinnich Cambuur-supporters, mar ek oare 'rêddraaiers' yn de stêd ekstra yn de gaten hâlde. Dat hat de plysje tongersdei tegearre mei boargemaster Dales fan Ljouwert en it Iepenbier Ministearje ôfpraat.
It ekstra tafersjoch op Cambuur- supporters wie foarearst stopset, om't it IM net de hichte brocht wie. De rêddraaiers krije de kommende wike berjocht dat de plysje op har let.