Lichem Remco Wouda fûn

21 apr 2006 - 21:17

It lichem fan Remco Wouda is tongersdeitemiddei fûn yn de Skarsterrien. De man (28) út De Lemmer waard sûnt 10 jannewaris fermist.

De man wie doe op de kamping by Boarnsweach oan it wurk, moast nei it húske en kaam nea werom. Der ha al ferskate syktochten west, mar dy smieten neat op. Tongersdei waard er nei oanlieding fan in tip fûn. Der binne gjin spoaren fûn op it lichem dy't wize op in misdriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)