Snits tsjin plan minister Dekker

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits set fraachtekens by it belied fan minister Dekker fan Folkshúsfesting oangeande de bou fan mear wenten troch ferheging fan de hierprizen. De minister wol dat wenningkorporaasjes mear wenten bouwe.
Yn ruil dêrfoar soene se hegere hierprizen freegje meie. Snits hat dêr beswier tsjin, om't it tal sosjale hierwenten yn de frije hiersektor yn Snits lyts is. As de hieren omheech gean, ha minsken minder te besteegjen.