Ultimatum foar PvdA Menameradiel

21 apr 2006 - 16:03

FNP, VVD en GrienLinks stelle de PvdA yn Menameradiel in ultimatum oer it nije kolleezje fan B&W. De 4 PvdA- riedsleden moatte foar moandei 12.00 oere oanjaan oft de partij no wol of net meidocht oan it gemeentebestjoer.

De fjouwer partijen hiene oars mei inoar it nije kolleezje yn Menameradiel foarme. Der is lykwols reboelje ûntstien om't de PvdA as grutste partij gjin wethâlder leveret. PvdA'er Flaman is slim teloarsteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)