Damherten miskien nei Fryslân

21 apr 2006 - 15:54

De fjouwer ûntsnapte damherten yn Gruttegast komme miskien nei Fryslân. De bisten sille foarearst dan ek net ôfsketten wurde. Dat is freed ôfpraat troch Faunabehear Grins en de Bistebeskerming.

In narkotiseur sil no besykje de bisten te ferdôvjen, wêrnei't se oerbrocht wurde nei in partikulier natuergebiet yn Fryslân. De damherten binne yn septimber ferline jier út in parkje yn Sebaldeburen ûntsnapt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)