Amnesty Ljouwert kin fierder

21 apr 2006 - 15:49

De groep fan Amnesty International yn Ljouwert kin wer fierder. Ferline wike waard de needklok let, om't der te min leden oerbleaun wiene om noch fierder te kinnen. In oprop om fersterking hat fertuten dien.

It ploechje is noch net sa grut. Op it Befrijingsfestival sil flink aksje fierd wurde om der noch mear minsken by te krijen. Op 18 maaie komme alle belangstellenden by inoar om nije plannen foar de takomst te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)