Klaverblêd moat moaier wurde

© Omrop Fryslân
It Klaverblêd by It Hearrenfean moat der oars út komme te sjen as it standerd klaverblêd yn Nederlân. Dêrom start de gemeente It Hearrenfean mei in ûndersyk om it plak dêr't de A32 de A7 krúst moaier te meitsjen.
Dêrby is der ekstra omtinken foar reklame-uterings. Dy moatte better ynpast wurde yn it lânskip. De gemeente hat earder bygelyks al grûnwâlen oanlein by de ôfslach IBF op de A7.