Kaartferkeap De Muze út ein set

© Omrop Fryslân
De kaartferkeap foar De Muze is tongersdei út ein set. De Muze is in kostúmdrama oer de op- en delgong fan slot Lyts Hermana by Minnertsgea. De stifting Grut Hermana organisearret dêrnjonken ek noch in teaterkonsert oer ien fan de haadkarakters út it stik: Johannes de Bree.
't Nieuw Philharmonisch Orkest wurket mei oan it konsert. Op 16 juny set it konsert út ein en op 15 septimber it kostúmdrama.