4 finalisten Slach om Wâldrock

21 apr 2006 - 13:29
Foto: Omrop Fryslân

Wâldrock en Fearsome records hawwe de fjouwer finalisten útkeazen, dy't op freed 12 maaie yn Drachten muzikaal stride sille op de Slach om Wâldrock. It giet om de bands Escadron, Shaboon, Greyline en Methusalem. Sy waarden selektearre út 21 ynstjoerings.

De winner fan 'e Slach om Wâldrock wurdt de iepeningsact fan Wâldrock yn Burgum. Der is ek in publykspriis: de winner dêrfan mei spylje op de Wâldrock pre-party.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)