Fragen CU/SGP oer jild spoarline

21 apr 2006 - 11:53

De provinsjale steatefraksje fan ChristenUnie/SGP set fraachtekens by de belofte fan premier Balkenende dat al it jild foar de Suderseeline nei it Noarden giet. De partij wol fan deputearre Baas wite wat hy fan dy belofte fynt.

Ferkearsminister Peijs hat lêst sein dat de 2,7 miljard euro fan it Suderseespoar ek brûkt wurde kin foar oare projekten. De CU/SGP freget oan Baas wa't de partij no leauwe moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)