Fleanoefenings boppe Marnewaard

21 apr 2006 - 11:15

De Keninklike Luchtmacht sil takom wike fleanoefenings hâlde boppe it militêre oefenterrein De Marnewaard. NAVO-fleaners dogge de flechten yn it ramt fan de oefening 'Basic Windmill'.

Fan tiisdei oant freed sille de fleantugen yn in striel fan 15 kilometer om de Marnewaard hinne fleane. Se dogge dat op in hichte fan 150 meter, mei útsûndering fan it Waadgebiet. Dêr wurdt flein op in hichte fan 450 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)