'Streekplan gefaar foar fûgels'

21 apr 2006 - 10:52

It typysk Fryske lânskip driget foar in grut part te ferdwinen as it provinsjale streekplan útfiert wurdt. Dat tinkt heechleraar biste-ekology Theunis Piersma fan de universiteit fan Grins.

Neffens Piersma is der yn it streekplan te min omtinken foar de Fryske greide en dêrmei foar de Fryske greidefûgels. It útfieren fan it streekplan soe in grut gefaar wêze foar de skries en ek foar de ljip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)