Doarp belutsen by kursus Frysk

© Omrop Fryslân
De grutte útfal by de kursus Frysk foar net-Frysktaligen sit Hindrik en Beitske van der Meer út Goaiïngea al jierren yn 'e wei. De nije Friezen wurde yn it doarp altyd yn it Nederlânsk oansprutsen en binne dêrom net bot motivearre om troch te setten.
Dit kear waard troch de Van der Meer's it hiele doarp ynskeakele om de njoggen kursisten it Frysk te learen. Sa koene se by buorlju del foar in praatsje yn it Frysk.