Plomfee fan 1 maaie ôf wer bûten

© Omrop Fryslân
De Fryske hobbyboeren meie har hinnen en oar plomfee fan 1 maaie ôf wer bûtendoar hâlde. Nederlân is noch altyd frij fan fûgelgryp. Minister Veerman hat tongersdei yn de Twadde Keamer wite litten dat we wol foarsichtich bliuwe moatte, mar hy is ek foarsichtich optimistysk.
Yn de hjerst, as it fûgeltrekseizoen wer begjint, is der opnij driging fan besmetting, dus elk moat wol alert bliuwe.