Nije sânlaach op strân Amelân

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat bringt ein maaie in nije sânlaach oan op in part fan it strân fan It Amelân. Tusken Nes en it Jan Sietsepaad wurdt yn totaal 1,7 miljoen kúb sân stoarten, yn de foarm fan in sânbank.
Fierderop tusken it Weterpaad en de dúnoergong Lyts Farwetter wurdt nochris 1,1 miljoen kúb op it strân spuite oer in lingte fan sa'n 5 kilometer. Yn septimber moat it wurk klear wêze.