Brânwacht foar twa Fryske azc's

© Omrop Fryslân
It sintraal orgaan foar de opfang fan asylsikers (COA) nimt maatregels nei oanlieding fan de brân yn it azc yn Drachten, in pear wike lyn. It COA stelt in brânwacht yn foar de azc's fan Dokkum en Drachten.
Der is keazen foar dy twa azc's, omdat dy bou-technysk bot op inoar lykje. By de brân yn it azc fan Drachten rekke ien fan de gebouwen op it azc-terrein folslein fernield. Derby rekke net ien ferwûne.