Opfiering 'In stoarm' yn Heech

21 apr 2006 - 09:33
Foto: Omrop Fryslân

De stifting Iepenloftspul Heech komt yn july opnij mei in grutskalich iepenloft teaterstik mei de namme 'In stoarm'. Sân jier lyn kaam de stifting mei it stik 'De palingopera'. Ek diskear wurdt it teaterstik regissearre troch Pieter Stellingwerf.

De muzikale lieding is yn hannen fan Jan Tekstra. It giet om in bewurking fan Shakespeare's lêste stik 'The Tempest'. It stik spilet yn de twadde helte fan de 19e ieu.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)