Kreake pleats De Gordyk ferkocht

21 apr 2006 - 09:21

De gemeente Opsterlân hat de buorkerij op De Gordyk dy't noch kreake wurdt, ferkocht. Opsterlân makket sa in ein oan de situaasje mei trije kreakers yn de buorkerij. Sy moatte no binnen twa moanne it gebou ferlitte.

Yn oktober hie de gemeente fia de bestjoersrjochter besocht de kreakers út de pleats te krijen, mar dat slagge net. It bedriuw Wooden Boat Service hat de pleats kocht om dêr klassike boaten te bouwen en restaurearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)