Stekpartij yn Damwâld

21 apr 2006 - 09:20
Foto: Omrop Fryslân

By in stekpartij oan de Lytse Leane yn Damwâld is woansdeitejûn in 17-jierrige ynwenner fan Damwâld delstutsen. De jonge waard oerfallen troch in 14-jierrige jonge út Kollumersweach.

De oanlieding soe in út de hân rûne rúzje wêze. De fertochte is letter op de jûn yn syn âlderlik hûs oanhâlden. De Damwâldster is nei it sikehûs yn Dokkum brocht. Hy is net yn libbens- gefaar. De fertochte sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)