Nijssen langer by Cambuur

© Omrop Fryslân
Ferdigener Tim Nijssen hat in nij kontrakt foar ien jier tekene by Cambuur. De 22-jierrige rjochtsback spile dit jier 27 wedstriden. Hy stiet sûnt it seizoen 2004/2005 geregeld yn it earste alvetal. Nijssen komt út de jeugdoplieding fan de Ljouwerters.
Keeper Peter van der Vlag (28) tekene in nij kontrakt foar trije jier. Ferline wike waard al bekend dat er akkoart wie mei de club.