Aksje tsjin skoalferlitters

20 apr 2006 - 16:44

De gemeente Snits giet de striid oan tsjin in grutte tal learlingen dan foartidich mei har oplieding ophâldt. It ôfrûne skoaljier wiene dat mear leafst 830 bern. Alarmearjende sifers, dy't no mei in tal projekten mei 30% omleech gean moatte.

Learlingen dy't bygelyks it VMBO ferlitte mei in diploma, mar net in ferfolchoplieding kieze, wurde takom simmer aktyf benadere. Thússitte moat op dy wize foarkaam wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)