Finansjele ôffaller Wetterskip

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat te krijen mei in finansjele ôffaller fan seis miljoen euro. De organisaasje hat yn de perioade 2002 - 2006 mear belesting frege fan bedriuwen as nedich wie.
De flater wurdt no pas ûntdutsen om't it wetterskip in efterstân yn de te ferwurkjen oanslaggen hie. It tekoart sil út de algemiene reserves kompensearre wurde.