Utspraak oer garnalefiskerij

© Omrop Fryslân
Garnalekotters mei swiere motors meie net mear op garnalen fiskje. Dat hat de presidint fan de Haachske rjochtbank yn in koart pleit bepaald. De saak wie oanspand troch in groep garnalefiskers út Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân. Sy ha har feriene yn de stifting Duurzame Kustvisserij.
De Fryske garnalefiskers binne wiis mei de útspraak, want dy is geunstich foar de garnalepriis.