Provinsjale ôfspraak oer gasskea

© Omrop Fryslân
De NAM wol noch foar de simmer in oerienkomst te slúten mei alle Fryske oerheden oer it fergoedzjen fan de skea troch gaswinning. No bestiet der allinnich sa'n ôfspraak foar Tytsjerksteradiel.
Neist de NAM moatte de gemeenten, provinsje en wetterskippen meidwaan oan de oerienkomst. Om wetteroerlêst foar te kommen moat der ek ekstra jild stutsen wurden foar nije of bettere gemalen.