Theehûs warskôge om ynsidint

© Omrop Fryslân
Theehús Balans oan de Súdergrêftswal yn Ljouwert wurdt sletten at it dêr nochris út de hân rint. Tiisdei waard in 26-jierrige man yn dit theehûs bedriige troch in 22-jierrige Ljouwerter mei in wapen. De man waard letter oppakt troch de plysje.
Nei dit ynsidint hat de gemeente de eigner fan Balans in brief stjoerd, mei de warskôging dat de saak sletten wurd as der nochris sa'n foarfal is.