Dykferswiering hinderet fûgels

© Omrop Fryslân
De fersterking fan ien fan de diken om Skier pakt min út foar guon fûgelsoarten op it eilân. Rykswettersteat hat grutte stiennen lein ûnbderoan de griene dyk tusken de âlde en de nije daam.
Jonge berg-einen wurde berne op de kwelder en besykje nei ferrin fan tiid op it waad te kommen. Dat slagget lykwols net mear, omdat sy net oer dy stiennen hinne kinne. Sy reitsje fêst of wurde oanfallen troch oare fûgels.