Jild foar wettersuveringssysteem

19 apr 2006 - 14:12

Trije Fryske bedriuwen en de NHL ha 153.000 euro subsydzje fan de provinsje krigen foar in wettersuveringsprojekt. Der wurdt in wettersuveringssysteem ûntwikkele dat sûnder gemyske middelen wurket.

De bedriuwen en de hegeskoalle wolle it systeem binne ien jier klear ha en tinke dat der in soad belangstelling foar is. De bijdrage fan de provinsje komt út de jildpot foar ynnovatieprojekten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)