Frou mei drank op botst op auto

19 apr 2006 - 13:36
Foto: Omrop Fryslân

In frou mei drank op hat juster yn Ljouwert in oanriding feroarsake. Se helle mei de auto in bus yn, mar botste boppe op in auto dy't har temjitte kaam. Der rakke net ien ferwûne.

De plysje hie al gau yn de gaten dat de 73-jierrige frou dronken hie. Sy hat in riidferbod krigen fan 6 oeren. Ek is it riidbewiis ynnommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)