Cambuurfans net mear achterfolge

© Omrop Fryslân
De plysje is ophâlden mei it ekstra tafersjoch op Cambuursupporters. By wize fan proef folge de plysje de supporters ek as se net foar it fuotbaljen op 'en paad wiene. Mar it Iepenbier Ministearje wist fan neat en hat om opheldering frege. Dêrom is de proef stopset.
Korpsbehearder boargemaster Dales fan Ljouwert beslút tongersdei mei plysje en justysje hoe't it no fierder moat mei it projekt.