Snorfytser ûnder de auto

19 apr 2006 - 10:19
Foto: Omrop Fryslân

In jonge fan 19 út Drachten is tiisdei ferwûne rakke by in oanriding mei syn snorfyts. Op de krúsing fan de Groningerstraat en de Molenweg yn Surhusterfean ferliende hy gjin foarrang oan in auto.

Dy waard bestjoerd troch in 27-jierrige Drachtster. De snorfytser hat nei alle gedachten in harsenskodding en is nei it sikenhûs fan Drachten brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)