Kwalik mear plattelânsbewenners

© Omrop Fryslân
De befolking op it Fryske plattelân is de lêste sân jier mar kwalik tanommen. Neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk giet it om sawat 3 persint fan 1998 ôf. Yn deselde perioade groeiden de Fryske stêden mei sawat 5%.
De grutste taname yn befolkingsgroei (12%) litte de oergongsgebieten tusken stêd en plattelân sjen. Dat binne bûtenwiken of hiel grutte doarpen. Lanlik binne it foaral stêden dy't groeie.