Eigners stellen fytsen poater

19 apr 2006 - 09:36

De plysje hat grutte muoite om de eigners te finen fan de stellen fytsen dy't ferline wike yn Koatstertille yn beslach naam binne. In bewenner hie njoggentich eksimplaren yn it hok te stean. Oant no ta hat de plysje tsien eigners weromfûn.

Der komt no in list yn de kranten mei de stellen fytsen yn 'e hoop dat de eigners harren fyts herkenne sille. Ek kinne belle wurde mei 0900-8844 en mooglik komt der in sjochdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)