Twahûndertste ko Farm Friends

18 apr 2006 - 17:26

Yn Tanzania is de twahûndertste Fryske lease-ko útrikt. In boerinne is de lokkige eigner. De ko is oanbean troch de Fryske Stichting Farm Friends. Dy stichting, dêr't deputearre Bijman foarsitter fan is, is in pear jier lyn mei de lease-ko-aksje begûn.

In ko is foar in Afrikaanske boer in kostber besit. Hy soarget foar ynkommen troch de molke, de dong en de oanfok. Mei it molkejild wurdt de ko ôfbetelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)