Grutte oarder foar Van der Heide

18 apr 2006 - 17:06

Wjerljochtbefeiligingsbedriuw Van der Heide út Kollum hat in grutte oarder krige by in oalje-opslach-bedriuw op de Maasflakte by Rotterdam. It Fryske bedriuw sil foar opslachtanks fan it bedriuw Maasvlakte Oil Terminal de ierdingsynstallaasjes oanpasse.

De oanpassings binne ferplichte fanwege nije Europeeske regels foar bedriuwen mei ekploazjegefaar. Mei de ieding wurdt foarkommen dat oaljetanks elektryske ladings krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)