IIstidenmuseum no al te lyts

18 apr 2006 - 13:35
Foto: Omrop Fryslân

It nije iistidenmuseum yn Bûtenpost is noch net klear, mar no eins al te lyts. It museum krijt safolle stiennen oanbean út it hiele lân dat der eins net genôch romte foar is. In tal minsken moast teloarsteld wurde.

It museum sil op 1 july iepen. De bou is folle hurder gien as tocht. De kommende wike kin eins al út ein set wurde mei de ynrjochting fan it museum. De meiwurkers binne benammen grutsk op de bûtengallery.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)