Plysjeburo ien middei wyks iepen

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Oerterp en Beetstersweach kinne net faker as ien middei yn de wike op it plysjeburo yn it doarp telâne. De gemeenteried fan Opsterlân hat ferline jier besletten de trije plysjeburo's langer iepen te dwaan. Der wie ek al jild foar.
Mar de plysje seit no dat se de buro's net allegearre langer iepen hâlde kinne. Dêr hawwe se net genôch minsken foar. Inkeld it buro op 'e Gordyk giet langer iepen.