Dyk Winsum-Wommels ticht

18 apr 2006 - 11:05
Foto: Omrop Fryslân

De provinsjale dyk N359 fan Ljouwert nei Boalsert tusken Winsum en Wommels wurdt fan tiisdei ôf opnij asfaltearre. De dyk is fan beide kanten ôfsletten en it ferkear wurdt mei giele buorden omlaat.

Arriva-busline 92 sil omride oer Spannum. It wurk oan de dyk duorret op syn meast fiif wike.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)